Elektroanyske iismjitter

27 nov 2011 - 18:09
  • Reedride

Der komt in elektroanyske iismjitter foar natueriis, as de plannen foar sa'n apparaat ek echt útfierd wurde. It idee foar sa'n mjitapparaat waard sneon presintearre op de ledefergadering fan It Frysk IIsbûn. It bûn is hast oan de ein fan it jubileumjier foar it 125-jierrich bestean.

Neffens Johannes de Vries fan it iisbûn sil no besjoen wurde hoe't it iismjitapparaat yn produksje naam wurde kin. It kin mjitte hoe tsjok oft it iis is sûnder deryn te boarjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)