El Khalifi op proef nei VS

29 jan 2009 - 12:31
  • Rachid El Khalifi: op aventoer nei Salt Lake City

Cambuurspiler Rachid_El_Khalifi sil op proef spylje yn Amearika. Fan 2 oant 11 febrewaris wurket de oanfaller in oefenstaazje ôf yn Salt_Lake_City.

It kontrakt fan El Khalifi rint nei dit seizoen ôf en Cambuur wol syn meiwurking ferliene oan in transfer fan ´e fleugeloanfaller. Foar de spiler sels is in bûtenlânsk aventoer in grutte winsk. Troch de oefenstaazje yn Salt Lake City mist Rachid El Khalifi de kompetysjewedstriid tsjin Emmen fan freed 6 febrewaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)