Ekwadraat wol Fryske reedrydtalinten stypje

15 des 2014 - 09:41
  • Reedriden

It ynnovaasjebedriuw Ekwadraat stapt yn it reedriden. Ekwadraat hat it in sponsorkontrakt sletten mei it Gewest Fryslân fan 'e KNSB. It bedriuw hopet mei de gearwurking jonge Fryske reedrydtalinten stypje te kinnen.

Ekwadraat seit it wichtich te finen net yn te stappen by in topteam, mar wol oan de basis fan de sport stean. Dêrom is keazen foar it Gewest Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)