Ekwadraat groeit provinsje út

10 okt 2013 - 12:15
  • Duorsumenskongres yn de Harmonie yn Ljouwert yn 2013

De duorsume ekonomy is it geitewollesokke-imago wol kwyt. Tsjien jier lyn beheinde it wurk fan it Fryske advysburo Ekwadraat him noch ta enerzybesparrings by lân- en túnbou, mar ûndertusken binne sa'n bytsje alle bedriuwstakken der mei dwaande.

Dat betsjut dat it advysburo flink groeid is en no ek bûten Fryslân aktyf is. Om dat en mear te fieren wurdt der tongersdei in duorsumenskongres hâlden yn teater de Harmonie yn Ljouwert. It is ek de dei fan de Duorsumens.

Op it kongres wurdt ek de priis útrikt foar it projekt fan duorsume betsjutting. By de nominearre projekten sitte ek twa fan Fryske bedriuwen út Snits en Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)