Ekwadraat freget 1,3 miljard subsydzje

07 apr 2016 - 11:10
  • De nije biogasynstallaasje

Duorsumensadvysburo Ekwadraat yn Ljouwert freget 1,3 miljard euro subsydzje oan foar duorsume enerzjyproduksje. De RVO, de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland, hat 4 miljard beskikber. Ekwadraat hat jild frege foar ûnder oare sinne-enerzjy projekten en op hout stookte ynstallaasjes. Yn septimber is der noch in subsydzjebydrage fan 4 miljard euro. Earder waard bekend dat in grut part fan it beskikbere jild nei koalesintrales giet. Dy krije miljarden euro's om biomassa by te stoken. Dat bestjut dat der net in soad oerbliuwt foar oare plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)