Ektra kwaliteit plattelânsnota

28 aug 2012 - 20:43

'In skep kwaliteit der boppe-op', dat is it motto fan de nije plattelânsnota fan de provinsje Fryslân. De nota foar de perioade oant 2017 is tiisdei fêststeld troch it kolleezje en komt yn oktober oan de oarder yn provinsjale steaten. De plattelânsnota is de opfolger fan it plattelânsbelied 2005-2010 en de beliedsnotysje doarpshuzen. De provinsje wol mei de nije nota ynsette op ideeën út it fjild en op kwaliteitsprojekten fan de provinsje sels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)