Ekstreme drokte by swimbad Swimfun op De Jouwer

26 feb 2015 - 12:43
  • Drokte yn swimbad Swimfun op De Jouwer
  • Besikers wurde warskôge foar de drokte

Minsken dy't dizze dagen komme te swimmen yn it fernijde swimbad op De Jouwer wurde yn it foar warskôge foar de ekstreme drokte. Op it parkearterrein is gjin plak mear, by de kassa stean lange rigen en ek by de nije attraksjes lykas de wyldwetterbaan moatte minsken hiel lang wachtsje.

Direkteur Theunis Braaksma seit dat it swimbad de drokte wol ferwachte hie. Dêrom is der ekstra personiel ynset. It fernijde swimbad is 7 febrewaris iepen gong ûnder de nije namme Swimfun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)