Ekstreem winterwaar yn maart

12 mrt 2013 - 15:55
  • winter op Skylge
  • Winter Skylge

It ferskil mei ferline wike is hast 17 graden. De winter is hielendal werom. Flylân en Skylge lykje suver wol wintersportgebieten. Op guon plakken lizzen sûnt moandei sniedunen fan in heale meter.

De winterske omstannichheden fan dizze moanne foarmje in grut kontrast mei ferline jier. De gemiddelde temperatuer bliuwt oant no ta stekken op 5 graden, in graad leger as gewoan en mear as 3 graden ferskil mei 2012. Foar in soad minsken mei it wol maitiid wurde... mar it foarútsjoch is ûnwis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)