Ekstreem soad wjerljocht

02 aug 2012 - 16:31
  • ynslaggen wjerljocht

Nederlân hat woansdeitejûn te krijen hân mei ekstreem tongerwaar. Dat docht bliken út gegevens fan bliksembefeiligingsbedriuw Van der Heide út Kollum. Meielkoar hawwe der in 18000 ynslaggen fan wjerljocht west. It gemiddeld tal ynslaggen is jierliks 250.

De measte ynslaggen yn Noard-Nederlân wiene yn de Noardeastpolder, Grinslân en Drinte. Yn Fryslân sloech de wjerljocht foaral yn it súdwesten yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)