"Ekstreem simmerwaar sil yn de takomst faker foarkomme"

30 aug 2015 - 16:05
  • Needwaar op Flylân

It grillige simmerwaar nimt yn takomst allinnich noch mar ta, seit waarman Pyt Paulusma. Dat hat te krijen mei klimaatferoaring. De meteorologyske simmer is hast foarby, want no tiisdei 1 septimber begjint de hjerst. Neist de piken mei in soad reinwetter en hege temperatueren wie der in swiere stoarm dy't beammen en tinten platwaaide.

Al mei al hat it in simmer west mei in soad ekstremen. Bonne Bruinsma fan Grou is sûnt 1997 waarnimmer foar Pyt Paulusma. De ôfrûne wike tape er yn syn achtertún in hiel soad reinwetter ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)