Ekstra ynset plysje as euro komt

25 maaie 2001 - 00:00

De Fryske plysje set alle minsken yn by de komst fan de euro, begjin takom jier. Op it stuit fan de omwiksel is der dûbel safolle jild yn omrin as oars. Mei elkoar giet it dan om sa'n 100 miljard gûne yn kontanten.

De plysje giet der fanút dat dit ekstra risiko's mei him mei bringt. Te tinken falt oan oerfallen of stellerij by banken of supermerken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)