Ekstra ynset doktersposten

09 apr 2009 - 15:31

De hûsdoktersposten yn Fryslân meitsje har op foar drokke Peaskedagen. Yn it wykein en op Peaskemoandei binne der alle dagen meielkoar 16 dokters-assistinten op de ferskate posten oan it wurk. Dat binne 9 mear as oars.

Der wurde ek mear húsdokters ynset. Dêrby giet it om 50 ekstra oeren. Ien húsdokter wurdt achter de hân holden foar it gefal it echt smoardrok wurdt. As der dan noch net genôch help is, wurde húsdokters dy't frij binne oproppen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)