Ekstra wurk troch bankoergong

28 sep 2013 - 12:23
  • Friesland Bank

De oergong fan tsientûzenen bankrekkens fan de Friesland Bank nei de Rabobank is safolle wurk dat de Rabobank tydlik hûnderten ekstra wurknimmers nedich hat. Dat seit fakbûn FNV. By de bank is in grutte groep minsken dwaande om de gegevens fan Friesland Bank-klanten mei de hân yn te fieren yn it systeem fan de Rabobank. Dat nimt mear tiid as tocht.

De Friesland Bank hat neffens it FNV dêrom boppetallige meiwurkers frege om langer yn tsjinst te bliuwen. It giet om in tydlike maatregel.

De lanlike Rabobank seit fan neat te witten en giet derfan út dat de oergongsoperaasje neffens plan yn april klear is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)