Ekstra wetter op Sjûkelân

04 aug 2004 - 12:06

Grutte eveneminten lykas woansdei it Concours Hippique yn Bûtenpost en de PC yn Frjentsjer, nimme ekstra maatregels tsjin de ferwachte hitte.

By de PC moatte ekstra wetterpunten foar ferkuolling soargje. Minsken mei in swak hert wurdt sels advisearre thús te bliuwen. Der wurdt rekkene op 28 graden en dan is it Sjûkelân in oven. Der wurde 10.000 minsken ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)