Ekstra wetter Bartlehiemtocht

16 aug 2012 - 09:50
  • Wetter drinke

De organisaasje fan de Bartlehiemskeelertocht nimt sneon maatregels fanwege it waarme simmerwaar. Der wurde tropyske temperatueren ferwachte en dêrom is op fjouwer plakken ekstra fersoarging foar de dielnimmers. By Burdaard, Ferwert, Marrum en Hallum komme bakken mei wetter te stean oan it parkoers.

De skeelertocht wurdt sjoen as de swierste en langste wedstriid fan Nederlân. De wedstriid by de manlju giet oer 100 kilometer, de froulju ride 60 kilometer. Toerriders kinne kieze tusken 15, 30 of 60 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)