Ekstra wenten Ljouwert en A7

27 apr 2007 - 20:52

De bou fan ekstra wenten yn en by Ljouwert en de A7-sône hoecht net ten koste te gean fan de leefberens op it plattelân, seit direkteur Bonnema fan Welkom, de grutste wenningbou- korporaasje op dat plattelân.

Aedes, de koepel fan Fryske wenningboukorporaasjes, wol dat yn dy twa gebieten de measte wenten komme om't neffens Aedes dêr de measte foarsjennings binne. Bonnema wol de striid wol oan mei de stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)