Ekstra warskôging spoaroergong

21 feb 2011 - 16:52
  • Foto: Omrop Fryslân

Fyftich gemeenten yn Nederlân wêrûnder fjouwer Fryske hawwe spesjale ferkearsbuorden besteld by spoarbehearder ProRail. It giet om warskôgingsbuorden foar by spoaroergongen. Se moatte foarkomme dat minsken oerstekke op mominten dat it echt net kin.

De Fryske gemeenten binne Harns, Littenseradiel, Menameradiel en Hearrenfean. Op de buorden stiet de tekst "Wil je blijven leven, wacht dan even". In Fryske ferzje is ek mooglik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)