Ekstra útstapke troch gift

22 okt 2005 - 12:17

De lichaamlik handikapte bern dy't yn Hagewyk yn Drachten útfanhúzje, kinne alle jierren in ekstra útstapke meitsje. Dat kin om't de Rotaryklub Drachten in bedrach beskikber steld hat foar de kommende fiif jier.

It earste útstapke giet takom wike nei de dieretún yn Emmen. Hagewyk is in ynstelling foar lichaamlik handikapte bern dy't ûnder soarchsintrum De Noorderbrug falt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)