Ekstra ûndersyk moard Snits

21 jun 2013 - 21:27
  • Strjitte ôfset nei fynst deade man yn snits

De Somaliër dy't fertocht wurdt fan it om it libben bringen fan in lângenoat yn Snits wurdt psychologysk ûndersocht. Dat hat de rjochter freed bepaald op fersyk fan de advokaat fan de man. It ûndersyk moat útwize oft de harsenstbc dy't de fertochte earder hie in rol spile hat. De lângenoat waard yn maart fan dit jier dea fûn yn syn flat oan de Parkstrjitte. Dat wie nei in fjochtpartij tusken de twa.

De advokaat woe ek in tal tsjûgen wer hearre, mar dêr hat de rjochter mar yn ien gefal mei ynstimd. Wol wurde telefoanpetearen opnij oerset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)