Ekstra ûndersyk asbest Goutum

15 jun 2006 - 18:06

Der komt oanfoljend boaiemûndersyk nei de asbestfersmoarging yn Goutum-Noard. Dat ha omwenners nei oerlis mei de GGD woansdei ôfpraat. It asbest waard oantroffen by it bouryp meitsjen fan in wenningboulokaasje op it eardere Vellema-terrein by de Drachtsterwei.

It asbest sit yn ferhurdingsmateriaal. It giet om hiel fyn pún. De buertbewenners meitsje har soargen oer de fersmoarging. Se krije mooglik noch dizze wike berjocht oer de resultaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)