Ekstra trein trajekt Snits

26 jun 2008 - 17:14

Tusken Ljouwert en Snits sil fan 2010 ôf elk oere in tredde trein ride yn beide rjochtingen. No rydt der twa kear yn it oere in trein. De provinsje hat spoarbehearder Prorail frege it spoar by Snits oan te passen foar de ekstra treinen.

It tal passazjiers tusken Ljouwert en Snits nimt bot ta. Arriva sil foar de útwreiding in nije trein oanskaffe. It wurk oan it spoar by Snits mei 6 miljoen euro kostje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)