Ekstra toeristen nei Luts

01 mrt 2011 - 15:52

De Luts moat tenei 10.000 ekstra toeristen yn it jier lûke. It rivierke wurdt noch dit jier útbaggere en de wâlskanten wurde oanpast. Sa moat it wetter better tagonklik wurde foar lytse boatsjes. Toeristyske attraksjes lykas de campings wurde dan ek better berikber.

Ut berekkenings docht bliken dat dêrtroch folle mear toeristen komme dy't 500.000 euro ekstra útjaan sille. Dat smyt tsien oant fyftjin banen yn de regio op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)