Ekstra tiid foar Alves

01 nov 2013 - 20:57
  • Afonso Alves

Afonso Alves krijt oant en mei moandei de tiid om dúdlik te meitsjen wat hy by Sportklup Hearrenfean dwaan wol. Earder dizze wike makke Hearrenfean bekend dat Alves foar koarte tiid nei Fryslân kaam en graach meitraine woe mei de beloften. Tongersdei soe hy meitraine, mar hy liet doe op it lêste momint wite dêr 'gjin goed gefoel' oer te hawwen.

Hearrenfean hat him doe in dei de tiid jûn om in beslút te nimmen en dy tiid is no op. Nei oerlis mei de saakwaarnimmer en in goeie freon fan Alves is besletten dy deadline te ferlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)