Ekstra tafersjoch by Iduna

20 maaie 2011 - 12:27
  • foto Jantine Weidenaar/Omrop Fryslân

By poppoadium Iduna yn Drachten is dit wykein ekstra bewaking. Dat is ynsteld omdat der in kastiel fan pallets boud wurdt foar de finale fan de Kleine Prijs van Fryslân. De organisaasje is bang dat der brân komt yn it houten kastiel. Elk heal oere komt der in amtner del en yn it kastiel sit in frijwilliger dy't de boel nachts yn de gaten hâldt.

Op it stuit wurdt it kastiel boud troch frijwilligers, snein wurdt it wer ôfbrutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)