Ekstra sportromte Noardwâlde

03 feb 2009 - 21:37

Sporthal De Duker yn Noardwâlde sil útwreide wurde mei in sportlokaal. De ekstra sportromte is needsaaklik omdat dit jier de gymnastykseal fan de eardere Renbaanskoalle sloopt wurdt.

It kolleezje fan B&W fan de gemeente Weststellingwerf wol de útwreiding fan de sporthal betelje, mar ropt earst de help yn fan in eksterne saakkundige. Dy moat ûndersykje hoefolle jild sa'n ekstra sportlokaal kostje moat. At dat dúdlik is, sil it kolleezje de gemeenterie om sinten freegje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)