Ekstra sân oanbrocht by Amelân

04 jul 2003 - 00:00

Rykswettersteat is út ein set mei in grutte operaasje om de noardside fan It Amelân better te beskermjen. Waar, wyn en wetter feroarsaakje in bulte skea. Ekstra sân moat dat tsjingean.

Yn tsjinstelling ta eartiids wurdt it sân in pear hûndert meter út de kust wei oanbrocht. Dat is goedkeaper en hat like folle effekt. Toeristen kinne op it strân it saneamde 'reinbôgen' sjen. Dêrby wurdt it sân fan in skip ôf mei in grutte straal it wetter yn spuiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)