Ekstra rit Rendac

01 aug 2013 - 15:29
  • Rendac

Rendac sil sneon in kear ekstra troch it lân ride om kadavers op te heljen. Se dogge dat yn ferbân mei it waarme waar fan tongersdei en freed. Gewoanwei wurde kadavers dy't freedtenachts nei 2 oere oanmeld wurde, net earder as op moandei ophelle. Mar troch de ekstra tsjinst wurde no ek de kadavers ophelle dy't op freed oant nachts 2 oere oanmeld wurde.

De ekstra tsjinst jildt net foar lytse kadavers dy't yn fetten oanbean wurde, lykas biggen, lammen en plomfee. De Rendac sit yn Sumar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)