Ekstra 'ried' oer krisis Flylân

13 maaie 2005 - 14:04

In ekstra riedsgearkomst op Flylân moat dúdlikens jaan oer de posysje fan wethâlder Westers. Der driget in bestjoerskrisis oer de lettere slutingstiden yn de hoareka. De ried wol dat de kroegen om 3 oere tichgean, mar b en w wolle dêr net oan omdat it plysjeteam krekt opstapt is.

Twa ynformele gearkomsten hawwe neat opsmiten. De riedsleden De Leng (VVD) en Gieles (PvdA) fine dat der tiisdei in ekstra riedsgearkomst komme moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)