Ekstra resjersjeurs op moardsaak

31 jan 2005 - 11:21

De plysje hat ekstra resjersjeurs set op de moardsaak yn Wolvegea. It team is útwreide fan 20 nei 35 resjersjeurs. Dizze ekstra mankrêft is helle út Drinte omdat Fryske resjersjeurs it te drok ha mei oare moardsaken.

It team is útwreide om't dúdlik wurden is dat it slachtoffer(53) troch in misdriuw om it libben kaam is. De plysje docht no ûndersyk nei it grutte sosjale netwurk fan de man.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)