Ekstra radio/tv as Oranje wint

23 jun 2007 - 13:12

As Jong Oranje sneontejûn fan Jong Servië wint, komt Omrop Fryslân Radio sneintemiddei tusken tolve en fjouwer oere mei in live-ferslach fan de huldiging. Dy is om healwei ienen op It Hearrenfean. Op Omrop Fryslân televyzje is sneintejûn in ekstra útstjoering fan Boppeslach as de ploech fan Foppe wint.

De wedstriid is sneontejûn yn it Euroborgstadion yn Grins. De kaartsjes wiene yn in omsjoch útferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)