Ekstra plysjes by Snitswike

05 aug 2006 - 12:05

De plysje yn Snits wurdt yn de Snitswike holpen troch plysjes út oare regio's yn Fryslân. Hoe grut de plysjemacht yn de Snitswike krekt is, wol de plysje net sizze. De 71e Snitswike set freedtejûn út ein mei de floatskou.

Krekt as by eardere edysjes wurde der freedtejûn en de kommende dagen wer tûzenen minsken ferwachte yn de wetterpoart-stêd. Om werkenber te wêzen ha de plysjes giele heskes oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)