Ekstra plysjehelp foar Fryslân

26 sep 2002 - 00:00

De plysje Fryslân moat in berop dwaan op de korpsen yn Drinte en Grinslân om de saak fan de twa deaden op 'e Jouwer fierder ûndersykje te kinnen. Der is in team fan 20 minsken gearstald. Sawat de helte dêrfan komt fan bûten Fryslân.

It is foar it earst yn trije jier dat de plysje it sa drok hat. Dat hat ek te krijen mei de fynst fan it lyk yn Burgum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)