Ekstra plakken 'Man fan Myra'

04 sep 2010 - 10:14

Der komme ekstra plakken beskikber by de iepenwetterspul foarstelling De man fan Myra, dy't de kommende wike yn Grou te sjen is. Earder wie der romte foar 600 taskôgers. Troch de tribune út te wreidzjen kinne dêr nochris 50 by.

It stik wurdt spile yn de haven fan Grou, fanwege it jubileum fan twa ferienings. It grutste diel fan de kaarten is yntusken ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)