Ekstra opfanggebieten oanwiisd

05 jan 2012 - 10:35

De Soestpolder by Burgum, polder Mildaam by It Hearrenfean, de polder Kinderman by De Falom en de polder Eiland Oost by Grou tsjinje as opfanggebiet foar oerstallich wetter. Dy fjouwer polders binne spesjaal oanlein om by ekstreem heech wetter te fungearjen as berging foar it oerstallige wetter. Wetterskip Fryslân beslút tongersdei oft de gebieten ek echt brûkt wurde.

Yn De Putten rint it wetter sûnt tongersdeitemoarn oer de kade. Twa pleatsen yn it gebiet wurde bedrige. Yn oerlis mei de boeren nimt it Wetterskip maatregels.

It heechste wetterpeil yn Noardeast Fryslân liket neffens it Wetterskip foararst berikt. De kommende 48 oeren bliuwt it wetter noch heech, omdat der gjin wetter loasd wurde kin op de Waadsee. It Wetterskip hat in aksjesintrum ynrjochte op syn haadkantoar yn Ljouwert wêrút wei de ynspeksjes en maatregels koördinearre wurde. Ek op It Amelân is in aksjesintrum, dêr't besletten is om twa pompen yn de polder Hallum-Ballum te pleatsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)