'Ekstra omtinken ferkearspunten'

11 des 2005 - 14:55

Ferkearsknooppunten yn it Noarden, lykas de rotonde fan de Jouwer, moatte ekstra omtinken krije. De CDA-Twadde- Keamerfraksje sil dêr moandei op wize. Dan behannelet de keamer de begrutting fan it Ferkearsministearje. Ferkear rint ek it Noarden hieltyd faker fêst en dat is min foar de ekonomy. It CDA wol dat minister Peijs mei de regio om tafel giet om te sjen nei it ferbetterjen fan de mobiliteit en de berikberens fan de stêden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)