Ekstra oandacht 'veelplegers'

01 apr 2004 - 00:00

De plysje sil 35 saneamde veelplegers yn Ljouwert ekstra yn de gaten hâlde. Dy groep is keazen út de 160 veelplegers dy't der yn Fryslân binne.

Veelplegers binne minsken dy't de ôfrûne 5 jier mear as 10 kear in proses- ferbaal krigen hawwe. Sy binne yn Fryslân ferantwurdlik foar in soad ynbraken en dieverijen. Sadree't ien fan dy swarte list fan 35 yn de fout giet, wurdt hy hurd oanpakt. Hy komt earder foar en wurdt swierder straft.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)