Ekstra oandacht lânbouferkear

19 sep 2011 - 10:19
  • Spandoeken moatte it ferkear warskôgje

De plysje kontrolearret fan moandei ôf yntinsyf op lânbouferkear. Der wurdt foaral tocht om in goede markearring fan útstekkende grutte lânboumasines. Ek wurdt sjoen nei de ferljochting en spegels. It is no in drokke tiid foar leanbedriuwen en boeren.

Mei in publykskampanje wol de plysje ekstra omtinken freegje foar dit ûnderwerp. Op tweintich plakken yn Fryslân hingje fan moandei ôf spandoeken boppe de diken dêr't ekstra lânbouferkear ferwachte wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)