Ekstra NS-trein op slotdei SR

20 des 2013 - 09:50
  • De treinen moatte stadich oer de spoarbrêge

De NS lit op tiisdeitejûn in ekstra trein út Ljouwert nei Swolle ride yn ferbân mei it einfeest fan Serious Request. De trein rydt krekt nei alve oere en stoppet op alle tuskenlizzende stasjons. De NS ferwachtet in soad besikers yn Ljouwert op de lêste jûn fan Serious Request.

Om njoggen oere tiisdeitejûn komme de trije dj's út it Glêzen Hûs. Op it Aldehoustertsjerkhôf wurdt dan it einbedrach fan de aksjewike bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)