Ekstra nijsútstjoerings Hjoed

19 okt 2013 - 19:00

Omrop Fryslân Televyzje hat sneontejûn om 20.00, 21.00, 22.00, 23.00 en 00.00 oere ekstra útstjoerings fanwege de grutte brân yn it sintrum fan Ljouwert. Alle kearen mei nije bylden fan de brân en de lêste stân fan saken. Ferslachjouwer Auke Zeldenrust is fierder geregeld op Omrop Fryslân Radio te hearren mei nijs oer de brân.

Ek plysjewurdfierder Paul Heidanus en wethâlder Andries Ekhart jouwe geregeld nije ynformaasje oer de stân fan saken. Omrop Fryslân giet troch mei de ekstra ynformaasjefoarsjenning oant it sein dat de brân meester is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)