Ekstra nachtbussen by TT Assen

16 jun 2014 - 15:30

Busferfierder Qbuzz set ekstra Fryske nachtbussen yn by de TT yn Assen. Fan tongersdei 26 op freed 27 juny ride der tusken Easterwâlde, Appelskea en Assen ekstra bussen op lijn 14 en 15. Datselde jildt foar de nacht fan freed op sneon.

Tongersdei kinne besikers oant trije oere nachts mei de bus werom nei hûs. Freed ride de bussen oant fiif oere nachts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)