Ekstra minsken ûndersyk brúnrot

31 aug 2004 - 17:42

De Plantesyktekundige tsjinst set ekstra minsken yn om it ûndersyk nei brúnrot yn Noardwest-Fryslân op 'e tiid klear te krijen. Mei-elkoar moat it lân fan 89 boeren ûndersocht wurde. Yn de helte fan de gefallen is it ûndersyk no klear.

By njoggentjin boeren is in slimme fertinking fan brúnrot fûn. It giet dan sa goed as wis om stikken lân dy't op freed 13 augustus ûnder wetter stien hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)