Ekstra miljoenen foar lânbou

23 apr 2014 - 16:00

De provinsje wol de kommende trije jier 4.5 miljoen euro ekstra yn de lânbou ynvestearje. Dat stiet yn de nije Lânbou-aginda, dy't woansdei presintearre is. Yn 2017 moat Provinsjale Steaten beslisse hoe't it fierder moat. Deputearre Kramer stekt benammen yn op regelingen foar jonge boeren dy't in buorkerij oernimme wolle, duorsume fernijings yn de lânbou, jild foar kavelruil en foar kommunikaasje. Der wurdt tocht oan in lanlike dei 'Op de kofje by de Boer'.

De regelingen binne ek bedoeld om de besunigings op de lânbou troch it ryk en Brussel op te fangen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)