Ekstra miljoenen foar ekonomy

08 okt 2013 - 21:22

De provinsje stekt de kommende jierren 300 miljoen euro ekstra yn de Fryske ekonomy. Mei it jild moatte 5000 oant 6000 banen ûntstean, benammen yn it midden- en lytsbedriuw. Dat giet fia it ûnderwiis, toerisme en projekten lykas de bou fan Thialf. Dat stiet yn it programma 'Wurkje foar Fryslân' dat ynkoarten oan provinsjale steaten foarlein wurdt.

Bedriuwen kinne no ek in berop dwaan op de provinsje, as se jild nedich hawwe en de bank net finansiere wol. Dat jild moat lykwols hielendal of foar in part weromkomme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)