Ekstra miljoenen foar De Lawei

30 sep 2014 - 22:15
  • "Boukonflikt Lawei kin finansjele strop wurde foar gemeente Smellingerlân"

De ried fan Smellingerlân hat tiisdeitejûn besletten om nochris 3,7 miljoen euro subsydzje beskikber te stellen foar de bou fan teater De Lawei yn Drachten. Mei dat jild moat de bou dy't no stil leit wer op gong brocht wurde. De ried wie wol bot ferdield oer it beskikber stellen fan it jild. De opposysje fûn dat der eins net foldwaande ynformaasje wie om de ekstra subsydzje te jaan.

Sa woene de partijen earst mear witte oer wat der krekt fout gien is by de bou oant no ta.

Boppedat soe der nochris besocht wurde moatte om De Lawei en it boubedriuw Van Norel om tafel te krijen. Neffens wethâlder Marja Krans smyt dat neat op. Der is totaal gjin betrouwen mear tusken de beide partijen en dus moat de bou no in nije faze yn. It jild dat no frijmakke is, moat dat mooglik meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)