Ekstra maatregels yn soarchsintra fanwege waarmte

01 jul 2015 - 16:42

Fanwege de waarmte binne der ekstra maatregels yn soarchsintra. Omdat it de kommende dagen sa hyt bliuwt, jildt it 'hitteplan'. Fersoargingshuzen tinke dêrom op dit stuit ekstra om harren âldere bewenners troch se bygelyks ekstra wetter drinke te litten.

Troch de waarmte kinne minsken har wurch fiele, dûzelich en pineholle krije. It advys is om middeis net tefolle te dwaan en yn it skaad te bliuwen. Ek yn de hûs moat it net te waarm wurde, troch bygelyks de sinneskermen nei ûnderen te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)