Ekstra maatregels brânwacht fanwege te tinne wetterliedings

13 apr 2015 - 12:22
  • Brân yn natuergebiet Fochtelerfean

De brânwacht yn Fryslân is goed ynspile op nije wetterliedings, dy't te tin binne om genôch wetter leverje te kinnen by in grutte brân. Foar it bestriden fan sokke brannen is 2000 liter de minút nedich. Troch de nije liedings streamt mar 500 liter.

De brânwacht hâldt rekken mei dy te tinne wetterliedings. Se nimme altyd pompen mei dy't op oerflakwetter oansluten wurde kinne. Boppedat ynvestearre de brânwacht yn tankauto's dêr't tûzenen liters wetter yn kin. Dy wurde benammen ynset yn natuer- en boskgebieten mei te min oerflakwetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)