Ekstra loazjeminten yn Fryslân

29 aug 2003 - 00:00

Fryslân krijt der de kommende jierren 45 lytse loazjeminten by. It giet om in inisjatyf fan de stifting Neerlands Goed. Alde karakteristike gebouwen op it plattelân, lykas pleatsen en herbergen, wurde omboud ta loazjeminten.

Tongersdei waard bekend dat de stifting hjirfoar in bydrage fan sa'n 1,2 miljoen euro fan it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân krijt. It projekt liket op it pronkkeamer projekt dat earder yn Noardeast-Fryslân útfierd waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)