Ekstra lisplakken Lemster slûs

12 jun 2014 - 16:16
  • Prinses Margrietslûs

Der komme ekstra lisplakken foar de beropsfeart by de Prinses Margrietslûs op De Lemmer. Dat hat minister Schultz van Haegen fan Ynfrastruktuer en Miljeu tongersdei besletten. De Lemster slûs jout fan de Iselmar ôf tagong nei de farwei tusken Lemmer en Delfsyl.

Der komme mei elkoar fiif lisplakken by. De ynvestearrings binne bedoeld om de berikberens fan it achterlân te ferbetterjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)