Ekstra lisplakken foar jachthaven It Amelân

17 sep 2015 - 17:56
  • Stockfoto

De jachthaven fan It Amelân krijt troch de wurksumheden oan 'e feardaam sa'n 20 oant 30 ekstra lisplakken. Nije wike begjint Rykswettersteat mei it grutte wurk oan 'e Amelanner pier. De kaden wurde oanpakt en yn it foarjier wurdt ek dy fan de jachthaven meinaam. Dêrtroch komme der ekstra plakken foar boaten.

Dat is in goede saak neffens havenmaster Gatso Lamsma, om't de grutte drokte ôfrûne simmer sjen litten hat dat der te min lisplakken binne.

Net allinnich op It Amelân hat it yn 'e simmermoannen drok west yn 'e jachthaven. Ek op Flylân en Skylge hong de reade flage, in teken dat de haven fol is, regelmjittich yn 'e mêst.

Dochs hawwe der op Flylân dizze simmer minder boaten west. Skylge hat krekt in geweldige simmer efter de rêch. Op Skier sitte se mei in tichtslykjende jachthaven, wêrtroch der minder boaten komme kinne. Dochs binne se dêr net ûntefreden oer de simmer.

Brânzje-organisaasje Hiswa fernimt dat der hieltiid mear boatsjeminsken nei de Fryske Waadeilannen geane. Neffens regiomanager Jan Ybema binne minsken better taret op de oerstek oer it Waad. Boppedat binne der yn de ôfrûne jierren mear eveneminten, bettere foarsjennings en mear lisplakken yn 'e jachthavens kaam as yn it ferline. Ybema tinkt dat ek dat mear minsken nei de eilannen lûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)