'Ekstra lêst rûnwei falt wol ta'

03 feb 2006 - 15:49

Boargemaster Haveman fan Frjentsjerteradiel sjocht it ekstra jild dat de gemeente betelje moat foar de oanlis fan de súdlike rûnwei net as in swiere lêst. De oanlis fan de rûnwei falt 1,5 miljoen djoerder út as berekkene. De provinsje sil de ekstra kosten earst betelje.

Nei 2009 moat it bedrach troch Frjentsjerteradiel werom betelle wurde. Neffens Haveman sil de oanlis fan de dyk Frjentsjer flink wat jild opsmite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)